Liften yn flats te lyts

20 nov 2008 - 12:07

Nije flatgebouwen yn Fryslân moatte better boud wurde. Dat fynt teamlieder Peter Lips fan de ambulânsegroep yn Harns. Yn Drachten wie ferline wike tiisdei in 78-jierrige frou dy't net mei de brankaar nei it sikehûs koe, omdat de lift yn it gebou te lyts is.

It soe gean om in probleem dat yn hiel Fryslân spilet. Foaral yn de âldere flats komt it in protte foar, mar ek yn guon nijere flats. Soks kin in soad oerlêst opsmite foar minsken dy't gau nei it sikehûs moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)