Hajé Flyers ferlieze mei 9-2

De iishockeyers fan de Hajé Flyers ha woansdei mei 9-2 ferlern fan de Destil Trappers út Tilburch. De Destil Trappers iepenen de skoare. Nei oardel minuut makken de Flyers lyk. De Destil Trappers rûnen dêrnei út nei 4-1.
Yn de twadde perioade setten de Tilburgers troch. Se kamen op 7-1. De Hajé Flyers wisten der noch 7-2 fan te meitsjen, mar kamen dêrnei net mear ta skoaren. Ferdediger Nicky de Jong moast healwei de twadde perioade mei in skouderblessuere fan it iis.