Nije histoaryske kuierrûte

© Omrop Fryslân
Ljouwert hat der in nije attraksje by foar toeristen. It giet om in kuiertocht by de hûzen fan bekende Ljouwerters lâns. Dy rûte is betocht troch de histoaryske feriening Aed Levwerd.
22 Ljouwerters út de skiednis binne yn de rûte opnaam, wêrûnder Piter Jelles Troelstra en skilder Alma Tadema. It is de tredde histoaryske kuierrûte yn Ljouwert. Meikoarten komt der noch ien by. Dy giet by de histoaryske skippen yn de museumhaven del.