Limburgers fergees nei Cambuur

19 nov 2008 - 22:27
Foto: Omrop Fryslân

De supporters fan Fortuna Sittard meie fergees nei de wedstryd tsjin Cambuur. Dy wedstryd wurdt op 23 jannewaris spile yn it Cambuurstadion yn Ljouwert. Der is yn it stadion plak foar 500 oanhingers fan Fortuna.

Cambuur komt mei it kado omdat Fortuna finansjele problemen hat. Omdat it by Cambuur earder ek finansjeel minder gie wol de club de Limburgers no stypje. Cambuur hat Fortuna Sittard in brief stjoerd mei de oanbieding.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)