SP-fragen oer Pasana

19 nov 2008 - 20:53

De SP yn de Twadde Keamer hat minister Klink fan Folkssûnens fragen steld oer de finansjele tekoarten fan soarchgroep Pasana. Under dy groep falt ûnder oare it Dokkumer sikehûs De Sionsberg.

De SP wol ûnder oare fan de minister witte wat dy fynt fan de finansjele problemen by de soarchgroep, oft er ek benaud is foar negative gefolgen foar de kwaliteit fan de soarch en oft er ree is mei finansjele stipe te kommen. De minister moat noch antwurd jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)