Ferkeap pleats weromdraaid

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits mei in pleats yn Offenwier net ferkeapje oan soarchgroep Tellens. Dat hat de rjochter bepaald yn in koart pleit dat oanspand wie troch Vinea Vakanties.
De rjochter fynt dat de proseduere foar de ferkeap net op in goeie wize ôfhannele is. Dy proseduere moat no opnij dien wurde en salang mei de pleats net ferkocht wurde oan Tellens. Vinea Vakanties wie ien fan de oare ynskriuwers op de pleats.