Steuring yn radio-ûntfangst
De radiostjoerders Radio 1, 2, 3 en 4 hawwe woansdei yn it Noarden twa oeren lang te krijen hân mei in steuring. Dy makke dat de stjoerders net of min te ûntfangen wienen.
Oarsaak fan it probleem wie in steuring yn de stjoermêst fan Smilde. Dy soarge ek foar problemen by de ûntfangst fan Radio Drenthe.