Arriva wol ynleverjen oeren

19 nov 2008 - 17:13

Fakbûnen en sjauffeurs út Fryslân binne poer op ferfiersbedriuw Arriva. Dy wol dat sjauffeurs foar alle oeren dy't se dit jier meidiene oan aksjes, fakânsje-oeren ynleverje. It giet om in maatregel fan de busbedriuwen Arriva, Connexxion en Veolia.

Fan dy trije bedriuwen docht Arriva yn Fryslân in part fan it ferfier. Dit foarjier fierden bussjauffeurs fan Arriva aksje foar in bettere cao. Fakbûn FNV lit útsykje oft dat ynruiljen fan oeren samar kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)