Wetterskip freest lege opkomst

Gedoch mei stimbiljetten wurket negatyf
Wetterskip Fryslân ferwachtet in dramatysk lege opkomst fan de ferkiezings troch it gedoch mei de stimbiljetten. By húshâldings dy't meardere biljetten thúskrije is de kâns reëel dat de stimmers it ferkearde biljet ynfulle en dan is de stim ûnjildich.
It Wetterskip spruts dy soarch ferline wike al út. Mar de soargen binne dizze wike allinnich mar grutter wurden. Dykgraaf Van Erkelens ropt elk op om dochs foaral noch te stimmen.