Hast 1000 minsken testdei COPD

19 nov 2008 - 14:12

Minsken dy't problemen hawwe mei it sykheljen koene har woansdei teste litte op COPD. It wie doe de Wereld COPD-dei en dêrom beane yn Fryslân 4 sikehuzen fergees in lyts ûndersyk oan. Der kamen 1000 minsken op ôf.

Yn Nederlân binne goed 300.000 minsken dy't de diagnoaze fan de sykte hawwe. Mar der binne ek noch ris 200.000 minsken dy't COPD hawwe sûnder it te witten. Minsken mei de sykte kinne lêst krije mei it sykheljen, fan koartazemigens en it opjaan fan slym.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)