Goed 550 Fryske leararen stake

19 nov 2008 - 12:20

Tusken de 550 en 600 Fryske leararen dogge woansdei mei oan de staking foar in bettere CAO. Dat is tusken de 30 en 40% fan it tal leararen yn Fryslân. De opkomst yn Fryslân is neffens it Algemiene Underwiis Bûn sawat gelyk oan de opkomst yn Grinslân. Yn Drinte stake de helte minder leararen.

De dosinten lizze it wurk del út protest tsjin it útbliuwen fan in nije CAO. Se wolle dat der ôfspraken komme oer de wurkdruk fan har fak. Ek moat de baan better betelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)