Sterk fjild op Heite-toernoai

Loek van Wely wûn ferline jier in hynder en naam dy ek mei nei hûs
Seis sterke ynternasjonale grutmasters sille ein dizze moanne meidwaan oan it 2e Remco Heite skaaktoernoai yn Wolvegea. Trije dêrfan binne Nederlanners: titelferdigener Loek van Wely, Nederlânsk en Europeesk kampioen Sergei Tiviakov en Erik van den Doel.
De Noar Simen Agdestein, Bartlomiej Macieja út Poalen en Artur Yusupov út Dútslân meitsje de ynvitaasjegroep kompleet. De winner krijt krekt as by de earste edysje fan it Heitetoernoai in jildbedrach fan in draver.