Snelheidsduvels rydbewiis kwyt

Kontrôles mei lasergun
De plysje hat tiisdei by kontrôles mei lasergun fan trije snelheidsduvels it rydbewiis yn beslach nommen. Yn Wûns ried op de Weersterdyk in Wytmarsumer fan 25 jier 147 kilometer, wylst dêr 80 tastien is.
Yn Wolvegea skeat in 42-jierrige Stienwykster mei 136 op 'e teller by de kontrôle del, ek dêr wie 80 de limyt. De topper wie lykwols op de Lauwersseewei by Rinsumageast. Dêr kaam in auto foarby mei in snelheid fan 172 kilometer.