Rottumer swier mishannele

19 nov 2008 - 09:47

De plysje hat in 19-jierrige ynwenner fan Sonnegea en fjouwer ynwenners fan Wolvegea oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling fan in 19-jierrige man út Rottum en in 21-jierrige ynwenner út Hoarnstersweach.

Yn it wykein fan 9 en 10 novimber waarden de beide mannen nachts by in tankstastjon oan de A32 by Aldeholtwâlde troch de fiif fertochten oanfallen. It 21-jierrige slachtoffer rekke dêrby ferwûne en moast troch in dokter behannele wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)