Huzumer leppeltsjes útferkocht

19 nov 2008 - 07:58

Yn ien wykein tiid binne alle 400 sulveren Huzumer leppeltsjes ferkocht. As ienmalige aksje waard it leppeltsje ferline wike freed presintearre, foar minsken dy't wat mei Huzum-Doarp ha.

Inisjatyfnimmer Foppe Boersma is oerweldige troch de grutte belangstelling en stelt no in list op fan minsken dy't noch in sulveren leppeltsje bestelle wolle. De leppeltsjes binne allinnich te keap by de Friesche Schrijfkamer op de Skrâns yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)