Fryslân krijt stikje Grinslân

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt der in bunder grûn fan Grinslân by. De grins tusken beide provinsjes wurdt oer in lingte fan 500 meter ferpleatst. It giet om in strook fan it Prinses Margrietkanaal by Strobos: it wetter is de ôfrûne tiid breder makke om mear romte te jaan oan de skipfeart.
Earder foarme de wâl de grins tusken Achtkarspelen en Gruttegast, dat wurdt no wer sa. Mei-inoar krijt Fryslân der in hektare by. Der wenje gjin minsken op it stikje grûn.