Mear smookkontroleurs nedich

Hegere boetes en mear kontrôles kinne hoarekasmokerij net tsjingean, tinke Fryske kasteleins en Horeca Friesland. Smoke yn kafee, disko of restaurant is tenei in ekonomysk delikt. As yn it iene kafee wol smookt wurdt, wylst it oare him oan 'e regels hâldt, is dat ûnearlike konkurrinsje. Minister Klink wol nei twa boetes it gebou slute.
Horeka Friesland tinkt dat it in stap yn 'e rjochting is, mar salang't der net genôch kontroleurs binne, hat it gjin doel.