Tsjerketoer Doanjum opknapt

18 nov 2008 - 15:51
Foto: Omrop Fryslân

De restauraasje fan de tsjerketoer fan Doanjum is tiisdeitemiddei ôfsletten mei in hichtepunt. It hoantsje waard wer boppe op de toer set.

Der wie in soad mis mei de toer. Sa binne de wizerplaten fan it oerwurk ferfongen en hat de toer in nij dakbeskot krigen. De restauraasje hat sawat 200.000 euro koste.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)