Jild foar leefberensprojekten

18 nov 2008 - 15:18

De doarpen yn 'e gemeente It Bilt krije mei-inoar 242.000 euro foar leefberensprojekten. It giet dan om saken lykas boarterstunen, iepenbier grien, mar ek om ûndersiken en om de oanskaf fan defibrilatoaren.

It is foar it earst dat de gemeente It Bilt jild út it saneamde doarpsfûns jout. De gemeente docht dat allinnich as oare partijen meibetelje. Dat binne yn dit gefal de Provinsje Fryslân en Wonen Noordwest-Friesland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)