Heite tsjin nije skaakregels

18 nov 2008 - 15:13

De nije regels foar it skaakspul moatte der net komme. Dat fynt Remco Heite, skaakleafhawwer en nammejouwer oan it grutte skaaktoernoai yn Wolvegea. In groep fan 150 promininte skakers hat by it ynternasjonale skaakbûn Fide it plan yntsjinne om de sport oantrekliker te meitsjen.

Belangrykste punt is dat de iepeningsopstelling tenei troch lotting bepaald wurdt. Dan soe de hiele sport folslein op syn kop komme te stean, tinkt Heite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)