Bysûndere herten op Skylge

18 nov 2008 - 15:05

Op Skylge is dit wykein foar it earst in groep reaharten, oftewol edelherten sjoen. De bisten waarden sjoen troch de Skylger biolooch Piet Zumkehr. Dy hat gjin idee wêr't se weikomme. Nei alle gedachten binne de bisten op it eilân útset, mar troch wa is ûnbekend. It giet neffens Zumkehr om op syn minst tsien bisten. Der binne neffens him gjin folwoeksen mantsjes by.

Steatsboskbehear wol earst de foar- en neidielen op in rychje sette. Se litte de bisten salang gewurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)