Viktor Elm bêste middenfjilder

Viktor Elm
Viktor Elm is moandeitejûn útroppen ta bêste middenfjilder fan Sweden. De fuotballer fan Kalmar FF waard begjin novimber mei syn ploech foar de earste kear kampioen fan Sweden. Fan jannewaris ôf is Viktor Elm spiler fan de Sportclub Hearrenfean.
De Sportclub Hearrenfean hat dizze wike twa jonge Finske spilers oer de flier. It giet om Mika Ojala (20) en Wilhelm Ingves (18). Omdat de Finske kompetysje dien is, kin Hearrenfean beide spilers no teste.