Hoekstra Transport nominearre

18 nov 2008 - 10:59

Transportbedriuw Hoekstra yn Snits is nominearre foar de lanlike ûndernimmerspriis Transport en Logistiek. De priis is bedoeld foar ûndernimmings dy't it goed dogge yn de relaasjes mei klanten en leveransiers en ek goed prestearje op it mêd fan personielsmanagement en liederskip.

Hoekstra is as iennige Fryske ûndernimming nominearre foar de priis. It bedriuw bestiet yn 2009 80 jier. Der wurkje 100 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)