Te hurd: rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
Trije automobilisten binne moandei harren riidbewiis kwytrekke om't se mear as 50 km hurder as de maksimumsnelheid op de teller stean hiene.
Op 'e Anne Vondelingwei yn Ljouwert ried in Ljouwerter fan 29 jier 135 km, wylst dêr 70 tastien is. Op de A7 by Koarnwertersân waarden de rydbewizen fan twa automobilisten ynnaam. Sy rieden respektivelik 130 en 124 op in stik dyk dêr't ek 70 km as maksimum jildt.