Frachtwein ferliest oplizzer

© Omrop Fryslân
In frachtwein hat tiisdeitemoarn op 'e dyk tusken tusken Marsum en Bitgum in oplizzer ferlern. Dat barde om sawat seis oere.
De oplizzer lei dwers oer de dyk en blokkearre sa de trochgong. It ferkear rjochting Bitgum koe der in pear oeren net delride. De oare kant út, rjochting Marsum, waard it ferkear oer it fytspaad laat. De stremming wie tsjin healwei tsienen wer oplost.