Jong Hearrenfean wint yn beker

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de bekerwedstriid mei 2-0 wûn fan jong Go Ahead Eagles. Op Sportpark Skoatterwâld koe it publyk amper waarm wurde fan it spul fan de thúsploech. Pedro Beda sette de Feansters nei in goed kertier op foarsprong. Reza Ghoochannejhad makke yn de ekstra tiid de 2-0.
Jong Hearrenfean moat yn de groep fan fiif by de earste twa einigje om fierder te kommen. De ploech hat no twa kear wûn en ien kear ferlern.