Stasjon Bûtenpost op 'e skep

17 nov 2008 - 19:30

It stasjon fan Bûtenpost giet de kommende jierren folslein op de skep. Der komme twa nije pleinen, in fuotgongersbrêge en in fytstunnel en is it de bedoeling dat der in kantoargebouw oer it spoar komt te hingjen. En ek it stasjonsgebou wurdt fernijd. Dat binne de plannen fan de gemeente Achtkarspelen om it stasjon oantrekliker te meitsjen.

Neffens de gemeente hat it stasjon op it stuit net de útstraling fan in wichtich stasjon, wylst it dat wol is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)