Popov ien wedstriid skorst

17 nov 2008 - 17:22
Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean ferdigener Goran Popov is troch it KNVB foar ien wedstriid skorst fanwege syn reade kaart yn de wedstriid tsjin FC Utrecht.

De Masedoanyske ynternasjonal krige yn de fyfde minút fan de wedstriid in giele kaart. Yn de fiifde minút fan de twadde helte krige Popov opnij in giele kaart fan skiedsrjochter Bas Nijhuis. Popov moat no de útwedstriid fan Hearrenfean tsjin FC Twente misse.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)