Fakbûn: wurkdruk NHL te heech

17 nov 2008 - 16:10

De wurkdruk foar meiwurkers fan de NHL wurdt te heech troch besunigings by de hegeskoalle. Algemiene Underwiisbûn AOb is dêr benaud foar no't de NHL troch tsjinfallers besunigje moat.

Omdat de kosten nijbou fan 'e NHL 30 miljoen heger útfalle moast der al snijd wurde. Dêr komt no nochris 2,5 miljoen by, dat by it personiel weihelle wurde moat. Fanwege de jildkrapte hat de NHL ek it jierlikse Sinteklaasfeest en it NHL-magazine skrast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)