Ferwert wol net by Dokkum

17 nov 2008 - 15:11

De gemeente Ferwerderadiel sil net fusearje mei Dongeradiel, Kollumerlân en Dantumadiel. Dat seit boargemaster Wil van den Berg (CDA) fan Ferwerderadiel yn reaksje op it fúzjeplan fan Dongeradiel, dat moandei bekend makke is.

Dongeradiel wol in grutte gemeente yn Noardeast-Fryslân mei Dantumadiel, Kollumerlân én Ferwerderadiel. Van den Berg sjocht dêrfoar gjin mooglikheden. Syn gemeente wol gearwurkje mei it Bilt, Menameradiel en Ljouwerteradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)