Stroomsteuring It Hearrenfean

750 húshâldens yn It Hearrenfean-Noard en de doarpen Terbant, Tsjalbert en Lúnbert hawwe moandeitemoarn in oere sûnder stroom sitten. By graafwurk by de skoalmienskip OSG Sevenwolden op It Hearrenfean rekke in graafmasjine in kabel.
Troch in kettingreaksje yn de stroomfoarsjenning giene ek ferskate ferdielstasjons plat. Netbehearder Alliander koe om healwei ienen de stroom wer by de húshâldens krije. De kabel sil tiisdei makke wurde.