Rôffûgelopfang Amelân ticht

De opfang fan rôffûgels op It Amelân slút de doarren. De famylje Oud jout der nei 15 jier de brui oan fanwege de hieltiid stranger wurdende regeljouwing.
De VOND, de feriening fan Opfangsintra foar Wylde Bisten, hat yn opdracht fan it Ministearje fan Lânbou de nije regels opsteld. De nije regels binne lykwols sa strang, dat it foar de Amelanner rôffûgelopfang net mooglik is om dêr oan te foldwaan, seit Christa Oud.