'Lit los dat provinsjalisme'

Friezen moatte net bleu wêze en it is goed dat se oer de grinzen sjogge. Dat sei taalsosjolooch en PC Hooftpriiswinner Abram de Swaan nei't er sneon yn Amsterdam it earste eksimplaar fan 'e Spiegel van de Friese Poezij krige. As foarbyld fan 'oer de grinzen sjen' neamt De Swaan de Fryske wrâldmuzykband Souldada dy't dêr ek spile.
It boek dat presintearre is, is de twadde útjefte fan 'e twatalige blomlêzing, útjûn by Meulenhoff.