Stadionferbod SC Hearrenfean

17 nov 2008 - 10:37

De Sportclub Hearrenfean hat sa'n tsien fans in stadionferbod oplein. Dit nei oanlieding fan har hâlden en dragen yn Wolfsburg op tongersdei 6 novimber.

Hearrenfean spile doe yn it UEFA Cup toernoai tsjin Wolfsburg, ferlear mei 5-1 en sa'n 1500 supporters wiene derby. Tsien fan harren meie no in skoft lang net mear yn it Abe Lenstrastadion komme. As de KNVB it ferbod oernimt jildt de maatregel foar alle fuotbalstadions.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)