Stapper fan Emmeloard ferwûne

De brânwacht brekt de steech iepen (foto Robert-Jan Boonstra)
In man (20) fan Emmeloard is snein swier ferwûne oantroffen efter in skutting yn in steech by de Nijstêd yn Ljouwert. De man hie sneon op stap west mei freonen. Dy giene sûnder him nei hûs omdat se tochten dat hy al nei hûs ta gien wie.
In Ljouwerter belle snein mei de plysje om't der frjemde lûden út de steech kamen. De brânwacht seage in gat yn de skutting en fûn de man. De man is mooglik fallen doe't er besocht by in piip omheech te klimmen.