Pony deariden by De Tynje

17 nov 2008 - 10:15
Foto: Omrop Fryslân

Op de Warrewei by De Tynje is moandeitemoarn betiid in pony deariden. In man fan De Gordyk ried fan De Tynje nei Aldeboarn; it wie doe noch tsjuster. De pony stie ynienen foar him op de dyk. Hy koe net mear op tiid remje en in oanriding mei de pony wie it gefolch.

De auto is swier skansearre rekke, de bestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)