Flyers ferlieze krekt fan HIJS

17 nov 2008 - 10:10

De iishockeyers fan 'e Hajé Flyers hawwe sneintejûn op eigen iis krekt ferlern fan HIJS Den Haach. Nei de reguliere en de ekstra tiid stie it 2-2. It penaltysjitten ferrûn foar Den Haach krekt better.

Flyer Jacco Landman, hy spile sneontejûn yn Geleen foar it earst dit seizoen wer mei, waard foar de wedstriid tsjin HIJS huldige. Landman is al 25 jier aktyf foar de Flyers en spile syn 550ste wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)