Dongeradiel: gau fusearje

17 nov 2008 - 10:09

Dongeradiel wol binnen fjouwer jier fusearje mei Dantumadiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Mei Achtkarspelen, dêr't Dongeradiel no mei gearwurket, sjocht de gemeente gjin takomst.

Dongeradiel tinkt dat de ynwenners fan Ferwerderadiel mear op Dokkum oriëntearre binne as dy fan Achtkarspelen. Dokkum moat it sintrale hert fan de nije gemeente wurde. Wethâlder Tytsy Willemsma (FNP) is as iennichste lid fan it kolleezje tsjin it takomstplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)