De Jouwer wint mei 1-0

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser De Jouwer hat yn in strieminne wedstriid yn Meppel mei 1-0 wûn fan Alcides. It iennichste hichtepunt fan de wedstriid wie it doelpunt fan Shutlan Axwijk. Hy soarge derfoar dat in hoekskop der yn ien kear yn waaide. Elkenien wie bliid dat de wedstriid ôfrûn wie.
By de wedstriid Snits Wyt Swart tsjin Germania út Groesbeek wie it miskien noch wol minder, want hjir waard njonken min fuotbal hielendal net skoard. It bleau 0-0.