Fytser (89) klapt op auto

16 nov 2008 - 13:27
Foto: Omrop Fryslân

In 89-jierrige man út Harns is sneon ferwûne rekke nei't er op in auto klapte. Hy fytste op de Kimswerderwei yn Harns en woe de dyk oerstekke. Hy seach allinnich de auto fan in 36-jierrige man út Winsum oer de holle.

De fytser koe de auto net mear ûntwike en foel fan de fyts. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)