Fernieling en geweld yn Grou

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht nei snein twa manlju út Grou en Drachten oanhâlden fanwege fernieling en it brûken fan geweld. De twa wiene op stap yn Grou. By in hoarekagelegenheid yn de Haadstrjitte skopten se tsjin in in doar.
De eigner en de portiers sprutsen de manlju hjir op oan, mar krigen as reaksje klappen fan it twatal. De Drachtster (20) waard fuortendaliks oanhâlden, de Grouster (25) even letter. Dy fersette him bot.