Thieme nei kowerêsthûs

16 nov 2008 - 13:00

Fraksjefoarsitter Marianne Thieme fan de Partij van de Dieren bringt snein in besite oan it kowerêsthûs yn Sânhuzen. De besite fan Thieme stiet yn it teken fan de finansjele problemen by it kowerêsthûs.

De kosten foar de soarch foar de bisten binne in stik heger wurden en it tal stipers rint werom. De Partij van de Dieren wol tegearre mei de eigners fan it kowerêsthûs op syk gean nei oplossings om it opfangplak iepen te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)