Mortuarium bliuwt op Skylge

16 nov 2008 - 10:27

Der komt in nij mortuarium op Skylge. It âlde mortuarium sit no noch yn fersoargingshûs De Stilen yn West-Skylge, mar dat komt yn nije gebouwen. Dêr komme ek de húsdokter, de fysioterapeut en de toskedokter by yn.

Nei oerlis tusken de gemeente en Zorggroep Noorderbreedte is besletten om ek it mortuarium mei in aula by de nijbou te belûken. Neffens de gemeente is ferhûzing fan it mortuarium en de aula nei de fêste wâl útsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)