Opnij wurk oan spoar
Tusken Ljouwert en Harns wurdt snein opnij wurke oan it spoar. Derom ride der hielendal gjin treinen. Reizgers wurde ferfierd mei bussen. Dat soarget wol foar ekstra reistiid fan ûngefear in kertier.
Snein rydt der meastentiids ien bus yn 'e oere. Sneon wiene dat der noch twa. Moandei moatte de wurksumheden wer foarby wêze.