Flyers winne yn Geleen

15 nov 2008 - 23:26

De Hajé Flyers ha sneontejûn mei dúdlike sifers yn en fan Geleen wûn. It waard 7-2 foar de iishockeyers fan It Hearrenfean. De perioadestannen: 0-1, 2-4 en 0-2.

De doelpuntemakkers yn de ploech fan trainer Chris Eimers wiene: Michael Nason, Bert van de Braak, J.D. McCabe, Erik Landman, TJ Kelly, Jacco Landman (hy makke opnij syn debút) en Hans Kroon. Sneintejûn spylje de Flyers thús tsjin HIJS Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)