Cambuur wint fan MVV

Koen Brack fersulvere in penalty
SC Cambuur wûn sneontejûn mei 2-1 fan MVV. It wie in iepen wedstriid mei in soad kânsen oan beide kanten. It wie dan ek ferwûnderlik dat de stân by it skoft 0-0 wie.
Ruud ter Heide makke yn de 77ste minút de 1-0. Koen Brack fersulvere in penalty yn de 88ste minút. Van Boxel bepaalde yn de 90ste minút de einstân op 2-1. Troch dizze oerwinning docht Cambuur goeie saken yn de striid om de tredde perioade en stiet de ploech fjirde yn de kompetysje.