Sven Kramer wint 5000 meter

15 nov 2008 - 17:16

Nei de minne 1500 meter freed wûn Sven Kramer sneon mei oermacht de 5000 meter by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. Kramer kaam as earste oer de streek yn in tiid fan 6.14,32.

Dat wie seis sekonden rapper as nûmer twa Carl Verheijen. Dy klokte in tiid fan 6.20,18. De Italjaan Enrico Fabris waard tredde yn in tiid fan 6.20,20. De Amerikaan Chad Hedrick waard fjirde yn 6.20,35.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)