Frou paad kwyt troch drugs

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht nei sneon in frou fan 41 út Ljouwert oanhâlden. De frou waard troch foarbygongers oansprutsen doe't se mei har auto by Wergea lâns de kant fan de dyk stie. Omdat se in betize yndruk makke, waard de plysje warskôge.
Dy fûn út dat de frou de partydrug GHB brûkt hie en dêrtroch it paad bjuster rekke wie. De frou is meinaam nei it buro. Dêr krige se in prosesferbaal en in rydferbod fan tsien oeren.