Nijenhuis 17e op 500 meter

Beorn Nijenhuis (foto: Martin de Jong)
By de wrâldbekerwedstriden reedriden op It Hearrenfean ha de Friezen it net bêst dien op de 500 meter. Beorn Nijenhuis fan It Hearrenfean waard sechtjinde yn in tiid fan 35.85.
By de froulju kaam Thijsje Oenema fan Sint Nyk as santjinde oer de streek yn in tiid fan 39.32. By de manlju wûn Joji Kato út Japan yn 34.82 en by de froulju wûn de Dútske Jenny Wolf. Har tiid wie 37.63.