Untsnapt rendier wer weromfûn

It ûntsnapte rendier dat tongersdeitejûn yn Baard útnaaide, is sneontemiddei fongen by Jorwert. De plysje skeat twa kear mei in gewear op it bist om him te ferdôvjen. It hat no in antystof binnen krigen dat derfoar soargje moat dat er wer bykomt.
It rendier fan seis moanne âld stie oant tongersdeitejûn by de kroech yn Baard, mar koe dêr weikomme troch in sleat oer te swimmen. Dêrnei is it de greiden yn draafd. De ôfrûne dagen hawwe ynwenners op syk west nei it bist.